Vitens lansearret kraanwetterdei op 50 Fryske skoallen

04 nov 2015 - 12:55

Bern drinke tefolle frisdrank op skoalle. Dêrom hat wetterbedriuw Vitens de kraanwetterdei betocht: In fêste dei yn de wike der't eltsenien op skoalle wetter drinkt. Ut ûndersyk fan Vitens docht bliken dat bern wol wetter drinke wolle, mar net as oare bern pakjes drinken meinimme.

Op 50 skoallen yn Fryslân is woansdeitemoarn de ôftraap jûn fan dizze dei. Yn totaal dogge 514 skoallen mei oan it projekt. De dei is ûnderdiel fan de kampanje 'Kraanwater Graag'.

It inisjatyf wurdt stipe troch 'Jongeren Op Gezond Gewicht' en it Voedingscentrum. Brabant Water en stichting Join the Pipe ha harren ek oansletten by it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)