Vitens ferwideret gifplant

12 aug 2004 - 11:10

Wetterbedriuw Vitens is dwaande om de Sint Jabikskrúswoartel te ferwiderjen út har wetterwingebiet by Spannenburch. It jabikskrúswoartel is in giftige plant foar hynders en kij. It giele plantsje wurdt dêrom plat meand.

Vitens woe de woartel yn earste ynstânsje mei de hân fuorthelje litte, mar dat wie gjin dwaan. De Japikskrúswoartel is sa giftich dat hynders en kij sels dea gean kinne as it krûd yn it hea bedarret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)