Vitens ferleget wetterdruk Harns nei technyske steuring

02 jul 2015 - 10:40
  • Vitens

In grut part fan Harns hat sûnt woansdeitejûn te krijen mei in lege wetterdruk. Der is in technyske steuring yn Frjentsjer, wêrtroch wetterbedriuw Vitens de druk yn Harns ferleegje moast. Ek it waarme waar spilet in rol. Vitens ropt ynwenners fan Harns dêrom op om benammen moarns en jûns sunich om te gean mei wetter. Sa riedt it wetterbedriuw oan om yn dy perioaden gjin swimbaden te foljen en ek de waskmasine net oan te setten.

Wetterbedriuw Vitens ropt no alle klanten yn Fryslân op om sunich te wêzen mei wetter.

Ek hopet Vitens it wetterferbrûk mear oer de dei te fersprieden. As in soad minsken tagelyk in soad wetter brûke, giet de wetterdruk omleech. Ek bestiet dan de kâns dat der brún wetter út de kraan komt. Woansdei waard yn Fryslân 30 prosint mear wetter brûkt as oars, en dat wie in rekôr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)