Vitens en Wetterskip winne priis

09 mrt 2004 - 00:00

Reklamemakkers moatte ophâlde mei it brûken fan bekende Friezen. Dat wie de krityk fan de faksjuery moandei by de útrikking fan de Fryske Reklamepriis 2003. Yn de winnende spots fan dit jier sitte, frjemd genôch, wol pommeranten.

Winner Vitens hie Rients Gratama ynhierd en winner Wetterskip Fryslân hie Pyt Paulusma. Der wienen dit jier 124 ynstjoerings. Nettsjinsteande de krityk wienen de spots mei Gratama en Paulusma dochs de bêste reklamespots.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)