Vitens: ekstra wetter nedich

14 jan 2010 - 15:56

Wetterbedriuw Vitens moat de kommende jierren acht miljoen kúb ekstra wetter út de grûn helje. Dat komt omdat de fraach nei drinkwetter noch hieltyd grutter wurdt, mar ek omdat der op guon plakken sâlt wetter omheech komt. Dêrom wol Vitens op oare ynstallaasjes mear wetter út de grûn helje.

Nij Beets is dêr it meast geskikt foar. Dêr wurdt 3 miljoen kúb ekstra wetter wûn. Op dit stuit hellet Vitens dêr al 3,5 miljoen kúb út de grûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)