Vitens boarret by De Jouwer

22 apr 2014 - 15:36
  • Nije wetterlieding by knooppunt De Jouwer
  • Nije wetterlieding by knooppunt De Jouwer

Vitens is tiisdei begûn mei it de grûn ynboarjen fan liedings oer hûnderten meters by ferkearsknooppunt De Jouwer. It ferkearsplein wurdt flink ferboud en dêrom moatte der nije liedings fan 70 sintimeter komme. De âlde liedings kinne de druk fan de nije diken net oan. Foar mear as twa miljoen euro wurde fiif nije oanslutingen makke ûnder it nije ferkearsknooppunt by De Jouwer. Troch in strakke planning hat it ferkear der gjin lêst fan. Ek it wetter bliuwt gewoan út de kranen streamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)