Vitens 35.000 kear belle

13 mrt 2013 - 14:04
  • Knapte wetterlieding op De Himrik
  • Knapte wetterlieding op De Himrik

Wetterbedriuw Vitens is mei de wettersteuring fan tiisdei 35.000 belle. It bedriuw wie dêrtroch lange tiid ûnberikber foar minsken dy't útlis hawwe woene. Troch de knapte lieding kamen 45.000 húshâldings yn Ljouwert en in pear doarpen sûnder drinkwetter te sitten.

Vitens is woansdei úteinset mei de earste reparaasje- en herstelwurksemheden. De breuk wie op bedriuweterrein De Himrik flakby de Makro. It lek waard nei twa oeren fûn. Dêrnei waard de wetterdruk wer stadichoan opfierd.
Oer de oarsaak is noch neat bekend.

Al rillegau nei it begjin fan de steuring wie der in run op flessen wetter yn de supermerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)