Vitalis en Jansma yn de prizen

13 apr 2010 - 15:02
  • De priiswinners fan Vitalis
  • en fan Jansma Burdaard

De radioreklamespot fan Vitalis en de televyzjereklamespot ‘Frans’ fan Jansma Burdaard ha de Fryske Reklameprizen 2010 wûn. Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma rikte de priis moandeitemiddei út yn it fernijde Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar yn Ljouwert.

De Fryske Reklamepriis, dy’t foar de trettjinde kear takend waard, bestiet út in weardecheque en in replika fan it byld fan Grutte Pier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)