Visser stapt út Nieuw Rechts

31 mrt 2005 - 09:17

De 18-jierrige Jan Jitze Visser stapt op as lid fan Nieuw Rechts. Visser betanket omdat de partij in hieltiten rjochtsere koers fart. Dat is him net nei it sin.

Visser waard oardel jier lyn lid fan Nieuw Rechts, de partij fan de Rotterdammer Michiel Smit. Visser miende dat Nieuw rechts in goed alternatyf wie foar de LPF, dy't doe yn de nederklits rekke wie. Mar de partij wurdt him no te ekstreem rjochts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)