Visser nije boargemaster Skylge

23 okt 2002 - 00:00

Wethâlder Visser fan de gemeente Hearrenfean wurdt nei alle gedachten de nije boargemaster fan Skylge. Hy hat de stipe fan de hiele gemeenteried.

Visser is krekt oan syn twadde termyn as wethâlder begûn en hat ûnder oare sosjale saken en folkshúsfesting yn syn portefeuille. Earder wie hy sekretaris fan de stjoergroep Waadprovinsjes. Hy moat 1 desimber offisjeel beneamd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)