Visser ferliest fan Stellwagen

01 jul 2004 - 10:12

Debutant Yge Visser ferlear woansdei syn earste partij op it NK skaken yn Ljouwert. Visser spile mei wyt tsjin Daniël Stellwagen. Nei in lyts foutsje fan Visser yn 'e tolfde set koe Stellwagen it inisjatyf oernimme en de partij nei him talûke.

Nederlânsk kampioen Van Wely wûn fan Tiviakov en Sokolov fersloech Bosboom. L'Ami en Nijboer en Van den Doel en Van der Wiel spilen remise. Visser spilet tongersdei tsjin John van der Wiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)