Visser begjint tsjin Stellwagen

30 jun 2004 - 10:15

Yge Visser moat it woansdei yn 'e earste ronde fan it 61ste NK Skaken yn Ljouwert mei wyt opnimme tsjin Daniël Stellwagen (17). Dat is de útkomst fan 'e lotting foar it NK troch foarsitter Erica Terpstra fan NOC/NSF. Titelferdigener Loek van Wely spilet ek mei wyt en wol tsjin Sergei Tiviakov.

De oare pearrings binne Eric L'Ami tsjin Friso Nijboer, Erik van den Doel tsjin John van der Wiel en Manuel Bosboom tsjin Ivan Sokolov.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)