Viro Noord fallyt ferklearre

26 nov 2005 - 12:56

Ingenieursbureau Viro Noord en it susterbedriuw Viro Food binne tongersdei troch de rjochtbank fan Ljouwert fallyt ferklearre. Hjirtroch driigje 52 minsken harren baan te ferliezen. It bedriuw wurket al skoften ûnder de kostpriis troch de grutte konkurrinsje. De ferliezen binne hjirtroch net mear op te heinen.

Der wurdt wurke oan in trochstart omdat de oarderportefeuille fan Viro Noord noch wol reedlik fol sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)