Virgin-kontrakt Mink tichtby

15 jun 2006 - 09:38

In grut Amerikaans kontrakt foar sjongeres Minke Adema fan de Lemmer komt hieltyd tichterby. Platebaas Willem van Kooten is yn ûnderhanneling mei twa platemaatskippijen. Dêrfan lykje de petearen mei Virgin it meast konkreet. Advokaten fan beide partijen nimme no de details troch.

As alles trochgiet, wurde nei alle gedachten meardere cd's fan Mink útbrocht. Ek sil se dan op toernee mei grutte Amerikaanske artysten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)