Vincent Weijl ferlit Cambuur

03 jan 2013 - 16:17
  • Vincent Weijl

Cambuur oanfaller Vincent Weijl giet fuortdalik by de Ljouwerter klup wei. Weijl, dy't ûnder oaren spile by de jeugdoplieding fan Liverpool en AZ, kaam yn totaal acht kear yn aksje foar Cambuur yn offisjele duels. Mar hy krige net in basisplak. Yn oerlis is besletten om it kontrakt te ûntbinen. Dêr tsjinoer stiet dat ferdigener Johnny de Vries, dy't ôfrûne simmer op amateurbasis by Cambuur kaam, in kontrakt tekenet foar oardel jier by de Ljouwerters mei in opsje foar noch ris in jier.

Hy hat de technyske stêf fan Cambuur oertsjûgje kinnen fan syn kwaliteiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)