Viktor Elm net tsjin Ajax

30 jan 2009 - 17:57

Hearrenfeantrainer Trond Sollied moat it sneontejûn yn de Amsterdam Arena dwaan sûnder Viktor Elm. De Sweedske oanfaller hat in ûntstutsen lymfeklier en reizget net mei de Hearrenfean seleksje mei nei Amsterdam foar de wedstriid tsjin Ajax. Sollied hopet dat Elm der yn de útwedstriid tsjin Vitesse wer by is.

Mika Väyrynen komt werom fan in skorsing en begjint tsjin Ajax yn de basis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)