Vikingrace yn Thialf

28 feb 2010 - 15:17

De echte toppers mochten dan yn Vancouver ride, de takomstige Sven Kramers en Irene Wüsten wiene ôfrûne wykein op It Hearrenfean. Dêr wie foar de 22e kear de Vikingrace. Dat is in ynternasjonaal toernoai foar reedriders tusken de 11 en 16 jier.

De 288 dielnimmers komme út ûnder oare Poalen, Switserlân, Dútslân, Nederlân, Sweden en Eastenryk. Fansels wiene der Fryske jonge reedriders by. It toernoai wurdt sjoen as in presintaasje fan takomstige fedetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)