Vijversburg yn programma MAX

24 sep 2014 - 12:58

Villa Vijversburg yn Tytsjerk stiet nije wike sintraal yn it lanlike televyzjeprogramma MAX Monumentaal. Dat programma set momunintale gebouwen sintraal, dy't it út kultureel eachpunt belangryk binne om te behâlden. De ôfrûne moannen binne opnames makke yn de filla, spesjaal omtinken is der foar de regintekeamer dy't hielendal restaurearre is.

De keamer is safolle mooglik yn de âlde steat fan 1892 werombrocht. MAX Monumentaal wurdt tongersdei 2 oktober útstjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)