Viëtnam wol hannel mei Fryslân

14 okt 2007 - 12:40

Viëtnam hellet de hannelskontakten oan mei Fryslân. Ofrûne freed kaam in 30 man sterke delegaasje út it suden fan Vietnam op eigen inisjatyf hjir op besite. Se woenen ûnder mear yn de kunde komme mei it toerisme hjir en de ûntwikkelings yn de wettertechnology.

De Viëtnamezen ha de Friezen ek útnoege om mei in hannelsdelegaasje te kommen. De ekonomy yn de streek dêr't se weikomme, groeit sa'n bytsje it hurdst fan hiel Azië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)