Viando yn swier waar

07 okt 2009 - 11:17
  • Viando sit yn swier waar

Viando yn Feanwâlden sit yn de finansjele problemen. It bedriuw dat bistefretten makket, hat lykas it memmebedriuw Rodi Petfood, útstel fan betelling oanfrege. It personiel is ein ferline wike al nei hûs stjoerd. Se hoegden dizze wike net te kommen.

It CNV is fernuvere oer de problemen. De ôfrûne tiid wiene krekt berjochten dat it folle better gie mei Viando. Der wie sels sprake fan in útwreiding. De rjochtbank hat in bewâldfierder oansteld om de saken te besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)