VHDG leit programma stil

24 feb 2009 - 11:19

Keunstinisjatyf VHDG - Voorheen de gemeente - út Ljouwert leit har programma tydlik stil. VHDG hâld him ûnder oare dwaande mei keunst yn it iepenbier en it organisearjen fan diskusjejûnen foar keunstners.

Omdat de gemeente de byldzjende keunstnota net ôf hat, wit VHDG net oft se subsydzje krije. De provinsje hat al wol jild tasein mar dat is keppele oan de gemeentlike subsydzje. VHDG fynt it no in te grut risiko om troch te gean mei harren programma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)