VfL Wolfsburg wol Bas Dost

17 apr 2012 - 09:56

VfL Wolfsburg hat konkrete ynteresse foar SC Hearrenfean oanfaller Bas Dost. Ofrûne snein is Dost tegearre mei syn saakwaarnimmer nei München flein foar in petear mei de klup út de Bundesliga. Ek trainer Felix Magath wie dêrby oanwêzich. De oefenmaster is sjarmeard fan de 22 jierrige topskoarder fan de earedivysje mei 28 goals. Ynkoarten folget der in twadde petear mei Wolfsburg.

Bas Dost hat noch in kontrakt oant 2015, mar hat in klausule yn syn kontrakt opnimme litten dat hy foar 7,5 miljoen fuort mei. Takom seizoen is dat noch 5 miljoen.

De kâns is grut dat SC Hearrenfean nei dit seizoen de hiele foarhoede kwyt rekket, want ek Luciano Narsingh en Oussama Assaïdi meie fuort. Moatte fuort eins want harren kontrakt rint ôf yn 2013. As Hearrenfean noch jild foar harren barre wol moatte se dit jier ferkocht wurde of bytekenje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)