VfB Stuttgart folget Radomski

08 des 2004 - 10:22

De Dútse klub VfB Stuttgart stjoert scouts op en paad om middenfjilder Arek Radomski fan SC Hearrenfean te folgjen. Foaral de trainer fan Stuttgart is ûnder de yndruk fan Radomski. De ynteresse is opmerklik, want SC Hearrenfean spile koartlyn noch tsjin Stuttgart en wûn doe mei 1-0.

Radomski is dwaande mei al wer syn achtste seizoen op It Hearrenfean. De spiler hat sels al oanjûn dat der wol nocht hat oan in aventoer yn Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)