Vesuvius moat foarkomme

16 okt 2003 - 00:00

Leden fan âldjiersklub Vesuvius út Elslo moatte kommende moandei foar de rjochter ferskine foar it fuortnimmen fan it byld fan Rinus Michels, twa jier lyn. It byld waard doe út de tún fan de KNVB yn Zeist meinommen as âldjiersstunt en letter werom brocht.

It fuotbalbûn die letter oanjefte. De âldjiersklub hat de boete en de skeafergoeding lykwols net betelle. De klub wurdt no beskuldige fan 'diefstal in vereniging'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)