Vesuvius bringt hoefizer werom

16 jan 2005 - 14:16

Leden fan Aldjiersklub Vesuvius fan Elslo ha sneon it grutte hoefizer fan de smederij yn Wolvegea werombrocht. De Aldjiersploech hie as âldjiersstunt it hoefizer yn de nacht fan 29 op 30 desimber fuorthelle.

Vesuvius hie dêrby in kaartsje efterlitten mei it boadskip dat it hoefizer tydlik fuorthelle wie om immen lokkich te meitsjen. It hoefizer stiet oan de Tinwei yn Wolvegea. It is 4,5 meter heech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)