Vermontborg op Harnzer helling

20 jan 2003 - 00:00

It frachtskip-yn-oanbou dat by Guernsey fergien is, wurdt nei Harns ta sleept. Dat hat skipswerf Bodewes fan Harns bekendmakke. Begjin jannewaris rûn it skip op de rotsen fan it Kanaaleilân. It skip wie ûnderweis fan Roemenië nei Nederlân om ôfboud te wurden. Bergingsmaatskippij Smit hat it skip sneon flotlutsen. De fersekering moat de reparaasje by Bodewes noch wol goedkarre. It skip is 134 meter lang en 16 meter breed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)