'Vermillion oarsaak grûndelgong'

26 jul 2006 - 10:25

It bedriuw Vermillion yn Harns is nei alle gedachten ferantwurdlik foar de ekstra grûndelgong yn it noardwesten fan de provinsje. Dat seit De Jong fan it Staatstoezicht op de Mijnen. Yn it súdeasten fan it gebiet dêr't it bedriuw Frisia sâlt wint, is de grûn fierder sakke as yn it foar ferwachte.

Dat komt dus nei alle gedachten troch de gaswinning troch Vermillion. Yn de regel ferrint de grûndelgong lykmjittich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)