Vermilion wol wer gaswinne

19 mrt 2009 - 16:40

Gaswinbedriuw Vermilion tinkt dat se oan de betingsten foldwaan kin dy't it ministearje fan Ekonomske Saken stelt oan gaswinning by Harns. It bedriuw giet der dan ek fanút dat se op termyn dêr dochs gewoan gas út de grûn helje kinne.

Woansdei sei minister Van der Hoeven dat foarearst gjin nije fergunnings foar sâlt- en gaswinning yn it gebiet ôfjûn wurdt. Earst moat der mear dúdlikens komme oer de oarsaak fan de grûndelgong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)