Vermilion baarnt gas by Garyp

21 sep 2011 - 12:23

It gasbehannelingsstasjon fan Vermilion by Garyp giet tongersdei wer yn wurking. De ôfrûne wike ha der ûnderhâldwurksumheden oan it stasjon by it Prinses Margrietkanaal west.

Yn de omjouwing fan it stasjon wie tiisdei in grutte flam boppe de fakkel te sjen. Dat wie in test fan it ferbaarnen fan ierdgas. Woansdei wurdt wurke oan de lêste wurksumheden sadat de behanneling fan ierdgas wer opstart wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)