Verkley oernaam troch PMH

20 apr 2012 - 16:54
  • Verkley

De Verkleygroep yn Drachten wurdt oernaam troch ynvestearingsmaatskippij PMH Investments fan It Hearrenfean. Fierwei de measte fan de 159 meiwurkers kinne mei oer.

Verkley is spesjalisearre yn de oanlis fan kabels en liedings. De Verkleygroep bestiet út in stik of tsien BV's, wêrfan't in tal in pear wiken lyn fallyt ferklearre binne, omdat se mei ferlies draaiden. Ien fan de oare bedriuwsûnderdielen draait wol goed. Dêr wurkje de measte minsken. PMH Investments dy't Verkley no oernimt, sjocht dêr wol brea yn.

It personeel is freedtemiddei yn it kongressintrum yn Drachten bypraat oer de stân fan saken by Verkley. Op it ferhaal oer de trochstart waard troch de wurknimmers mei applaus reagearre. Guon fan harren hawwe de ôfrûne wiken wol minder sliept as oars. De wurknimmers dy't de ôfrûne tiid minder of sels gjin jild krigen hawwe, krije noch foar it wykein in foarskot oermakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)