Verkley Investments fallyt

05 des 2012 - 12:01

De rjochtbank fan Ljouwert hat it bedriuw Verkley Investments fallyt ferklearre. It is ien fan de lêste bv's út de fallite boedel fan it âlde Verkley. Dat frege begjin dit jier útstel fan betelling oan en is letter oernaam troch PMH Investments fan It Hearrenfean. De ynvestearingspoat is doe net meigien. It fallisemint hat neat te krijen mei it bedriuw Verkley bv, sa seit direkteur Blauw. Dat bedriuw is spesjalisearre yn de oanlis fan liedingen en kabels. Blauw seit dat Verkley wer folop yn opbou is en dat der dêr earst gjin minsken úthoege.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)