Verheul net yn gemeenteried

27 mrt 2014 - 14:20
  • Sa moast de promenade der út komme te sjen

Listlûker Thom Verheul fan Schiermonnikoogs Belang sjocht ôf fan in sit yn de ried. Verheul krige by de ferkiezings fan 19 maart mar 28 foarkarstimmen. Mei-inoar krige Schiermonnikoogs Belang mar 67 stimmen. Dêrmei helle de partij ien sit. Verheul jout as reden foar syn beslút oan dat er mei syn 28 stimmen yn syn eagen te min stipe krigen hat om dizze posysje yn te nimmen.

As listlûker spruts Verheul him út foar de komst fan de promenade op it eilân. By de ferkiezings wûnen de partijen dy't tsjin dat plan binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)