Verhagen:ynset gasbaten besjen

21 feb 2012 - 16:55

Minister Verhagen fan ekonomyske saken wol besjen oft regio's dêr't ierdgas wûn wurdt yn 'e takomst in part fan 'e opbringst krije kinne. Hy skriuwt dat oan de Earste Keamer nei oanlieding fan de gasfynst by Ie. Earste Keamerlid De Lange fan 'e Unôfhinklike Senaatsfraksje frege de minister om 10 persint fan 'e opbringst yn in fûns foar de regio te dwaan.

Verhagen antwurdet dat hy ûndersiket hoe't gaswinning better akseptabel makke wurde kin foar de streek. In part fan de opbringst foar de regio ynsette soe helpe kinne, skriuwt Verhagen.

Foar de simmer moat der mear bekend wurde oer it ûndersyk fan minister Verhagen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)