Verdonk tsjinnet oanklacht yn

17 maaie 2008 - 08:53
  • Protest tsjin Verdonk
  • De byienkomst fan Trots op Nederland

Rita Verdonk tsjinnet in oanklacht yn tsjin de aksjefierders dy't har freedtejûn yn Ljouwert opwachten. Sy brûkten neffens Verdonk misledigjende teksten, lykas 'Ruim Rita op'. Verdonk wie yn Ljouwert yn ferbân mei har politike toer troch Nederlân. Der kamen sa'n 175 belangstellenden op ôf.

Yn resinte peilings soe Verdonk's partij 'Trots op Nederland' de twadde fan ús lân wurde. Njonken premier wurde wol Verdonk yn 2010 ek meidwaan oan de gemeenteriedsferkiezings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)