"Verdonk oansprekke op belied"

19 feb 2006 - 11:59

Fryske VVD-ers moatte minister Verdonk fan Frjemdelingesaken oansprekke op har belied. Dy oprop docht it sintrum Tumba, dat stridet tsjin útsluting.

De minister is freed te gast op in jûn fan de VVD yn Ljouwert. Tumba sjucht it net sitten om dêr sels hinne te gean om Verdonk oan te sprekken op har belied. De organisaasje hat dat opjûn, omdat de minister toch net lústerje wolle soe. Dêrom wurdt Fryske VVD-ers om help frege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)