Verdonk: gjin rommer pardon

09 feb 2004 - 00:00

Minister Verdonk fan Frjemdlingesaken wol it pardon foar útprosedearre asylsikers út noch yn net ferromje. Ek sjocht Verdonk neat yn it foarstel fan D66 om in kommisje nochris nei it probleem sjen te litten. Verdonk bliuwt by de regeling foar 2300 asylsikers.

PvdA, SP, GrienLinks en Christenunie fregen om pardon foar alle asylsikers dy't langer as fiif jier yn Nederlân wenje, mar minister Verdonk hâldde foet by stik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)