Verburg moat opheldering jaan

07 maaie 2008 - 17:12
  • Friesland Vlees hat bot te lijen fan de minne ferhalen
  • Atsma fynt dat minister Verburg dúdlikheid jaan moat

Minister Verburg fan lânbou moat binnen 24 oeren dúdlikens jaan oer eventuele misstannen by Friesland Vlees. Dat seit CDA-partijgenoat en lânbouspesjalist Joop_Atsma.

Al in tal wiken gean der ferhalen dat der in soad mis wêze soe by de slachterij, mei as gefolch dat klanten fuortbliuwe en Friesland_Vlees ynkoarten ticht moat. Atsma wol witte oft der echt siik en wrak fee oanfierd en ferwurke is. By ekstra kontrôles binne gjin missstannen ûntdutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)