Verbeek wol graach noch in kear by SC Hearrenfean wurkje

26 des 2015 - 16:58
  • Gertjan Verbeek

Ald-SC Hearrenfean coach Gertjan Verbeek wol graach noch in kear by SC Hearrenfean wurkje. “De kans dat ik daar nog eens terugkeer, is wel aanwezig, ja”, sei de Jobbegeaster trainer fan Bochum op twadde krystdei op de NOS-radio. Verbeek sei der by dat dit net betsjut dat hy oan de ein fan it seizoen Foppe de Haan opfolget as coach.

"Dat klinkt misschien als een makkelijke optelsom, maar het liefst ga ik nog even door in Duitsland. Ik heb ervoor gekozen om naar het buitenland te gaan en ik ben net bezig om naam te maken in Duitsland.''

Dêr komt by dat Verbeek min te sprekken is oer it Nederlânske fuotbal. Neffens Verbeek komt dat ek omdat fuotbalbûn KNVB net goed funksjonearret. De kâns dat Verbeek ea foar it fuotbalbûn wurket is dan ek lyts, mar dat leit oars by syn âlde leafde SC Hearrenfean. "Ik hoop dat SC Heerenveen mijn eindbestemming is."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)