Verbeek mist Hearrenfean

23 apr 2013 - 11:49

De tuchtkommisje fan it KNVB hat AZ trainer Gertjan Verbeek yn heger berop in skorsing fan twa wedstriden oplein, wêrfan ien ûnder betingst. Dat betsjut dat Verbeek de wedstriid fan takom freed tsjin syn âlde wurkjouwer SC Hearrenfean op de tribune plaknimme moat.

Verbeek krijt de straf omdat hy de Gedragscode Officials Betaald Voetbal oertreden hat, wêrtroch it betelle fuotbal yn diskredyt brocht is, sa is de offisjele ferklearring. De AZ-trainer liet him kritysk út oer de proseduere fan de reade kaart fan AZ-ferdigener Nick Viergever.

Verbeek neamde de oanklagers betelle fuotbal 'subjectief' en prate oer 'één grote samenzwering in Zeist'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)