Verbeek hâldt fêst oan basis

21 mrt 2008 - 15:50
  • Gertjan Verbeek (foto: Martin de Jong)

Hearrenfeantrainer Gertjan_Verbeek begjint sneon tsjin Roda_JC mei deselde alve spilers as ferline wike tsjin FC_Grins. Henrico_Drost hat lêst fan 'e knibbel en Niek_Loohuis fan 'e ljisk. Sy sitte dus net op de bank.

Keeper Brian_Vandenbussche sit wol op de bank. Hy kiest dêr sels foar, omdat hy net yn foarm is. Dat hat ek te krijen mei de rjochtsaak dêr't er by belutsen is. Rob_van_Dijk is sadwaande foarearst de earste keeper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)