Verbeek folget Foppe de Haan op

02 jan 2004 - 00:00

Gert Jan Verbeek wurdt de nije haadtrainer fan SC Hearrenfean. Hy folget dêrmei Foppe de Haan op. De beneaming giet yn july yn en jildt foarearst foar twa jier.

Verbeek is no noch trainer by Heracles Almelo. Hy hat yn it earste fan Hearrenfean spile en waard dêrnei assistent-trainer by de club. Foarsitter Van der Velde sei fan it momint ôf dat Verbeek by Heracles kaam dat hy de earste kandidaat wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)