Verbeek akkoart mei skikking

16 maaie 2008 - 14:25
  • 500 euro boete foar Gertjan Verbeek (foto Martin de Jong)

Gertjan Verbeek giet akkoart mei it skikkingsfoarstel fan de KNVB fanwege syn hurde krityk op skiedsrjochter Dick van Egmond nei de wedstryd Ajax-Hearrenfean. Verbeek krijt in boete fan 500 Euro en in skorsing fan 2 wedstriden ûnder betingst.

Neffens de KNVB wienen de opmerkingen fan Verbeek 'onbetamelijk'. De trainer hie syn krityk oan de KNVB melde moatten en net oan de media. Verbeek sei û.o. dat Van Egmond hiel min is, net kapabel en dat hy marsjandearret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)