Verbeek 3 jier nei Feyenoord

07 apr 2008 - 08:44
  • Feyenoord presintearret Verbeek yn De Kuip (argyffoto Martin de Jong)

Hearrenfeantrainer Gertjan Verbeek wurdt definityf trainer fan Feyenoord. Om alve oere is hy presintearre yn de Rotterdamse Kuip. Verbeek folget Bert van Marwijk op, dy't trainer wurdt fan it Nederlânsk alvetal.

Verbeek wie de ôfrûne fjouwer jier haadtrainer fan Hearrenfean. Hy hat by Feyenoord in kontrakt tekene foar trije jier. Verbeek neamde Feyenoord by dy gelegenheid 'in prachtige útdaging'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)