Ventura Systems Fryske Undernimming fan it jier 2015

21 apr 2015 - 19:00
  • Direkteur De Nooijer fan Ventura Systems

It bedriuw Ventura Systems út Boalsert is winner wurden fan de ferkiezing Fryske Undernimming fan it Jier 2015. De priiswinner waard tiisdei oan it begjin fan de jûn bekend makke troch kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Dat die er yn in rjochtstreekse televyzje-útstjoering fan Omrop Fryslân fanút de Johannes Postkazerne yn Havelte. It wie foar de 25e kear dat de priis útrikt waard.

Ventura Systems makket doarsystemen foar bussen, trems en metro's. It wurket neist yn Europa ûnder oare ek yn Azië en Noard-Amearika.

Neist Ventura Systems út Boalsert wienen ek DMT Environmental Technology fan De Jouwer en Fotocadeau.nl út Kollum nominearre foar de priis. De winner krige fan de kommissaris ûnder oare in keunstwurk. Ferline jier gie de priis nei ZiuZ fan De Gordyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)