Venhuizen wint Joustermerkerin

29 sep 2012 - 15:05

De tritichste Jouster Merkerin is sneon in proai wurden foar Jan Venhuizen út Smilde. Hy kaam nei 16,1 kilometer yn in tiid fan 56.32 minuten oer de streek. Dêrmei wie Venhuizen krekt wat rapper as Riekele Kobes fan Haskerhoarne, dy't twadde waard yn in tiid fan 57.44. It tredde plak wie foar de winner fan 2011, Willem de Boer (57,57) út Eksmoarre.

Immy Auck Kersbergen fan Wommels wie de rapste by de froulju. De hurdrinster fan Lionitas kaam nei 1 oere en 4 minuten oer de streek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)