Venema en Akachar fraachtekens

20 aug 2004 - 16:24

It wurdt freedtejûn spannend yn it Cambuurstadion. De spilers moatte yn de earste thúswedstriid bewize dat de wedstriid yn Volendam, dy't mei 4-0 ferlern waard, in falske start wie. Cambuur kin mooglik net beskikke oer ferdigener Ronny Venema en middenfjilder Jamal Akachar.

Venema en Akachar binne blessearre. Flak foar de wedstriid wurdt besletten oft se al as net ynsetber binne. De tsjinstanner is koprinner Top Oss.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)