'Venekoterwei wurdt feiliger'

02 jan 2014 - 11:53

De Venekoterwei yn Easterwâlde wurdt yn de takomst in stik feiliger. Dat seit wethâlder Sierd de Boer fan de gemeente Eaststellingwerf. De gemeente hat al jierren plannen om it sintrum fan Easterwâlde te fernijen. Dêr is no in spesjaal oerkoepeljend plan foar kaam.

Om't der in soad partijen by dit plan belutsen binne, liet de útfiering lang op him wachtsje. Lang om let liket der no dochs skot yn te kommen. De Venekoterwei is de earste dyk dy't oanpakt wurdt. De kommende jierren folgje noch tal fan oare plannen. Yn 2020 moat alles klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)