Vendex slút twa Fryske V&D's

09 sep 2003 - 00:00

De V&D op It Hearrenfean giet op 1 febrewaris takom jier ticht en dy yn Snits slút nei alle gedachten takom jier augustus. Dat hat memmebedriuw Vendex-KBB tiisdei bekendmakke. De winkels draaie al in skoft mei ferlies en it memmebedriuw wol dêrom reorganisearje. Fiif winkels gean ticht. Foar de winkel yn Snits wurdt in oare bestemming socht. Mooglik komt de HEMA dêryn. Dy winkelketen is ek ûnderdiel fan Vendex.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)