Velthorst wint survivalrun

13 mrt 2011 - 16:53
  • De winner Joost Velthorst

De jubileumedysje fan de Wadrosurvivalrun yn Koatstertille luts snein in rekôrtal dielnimmers. Der diene 800 minsken mei. It sirkwy wie ek it dekôr foar it NK foar it RUC, in soarte fan earste divyzje.

It NK kaam op namme fan Joost Velthorst út De Heurne. Hy helle de titel foar de fjirde kear op rige. Twad wie Remco wolsink ut Meppen en as tred einige Dinant Huurneman út Winterswyk. Bêste Fries wie Piet Mulder út Kollumersweach, hy waard 6e.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)