Veilige Veste oer 3 moanne ôf

20 jan 2012 - 14:43

Fier Fryslan wol ek slachtoffers fan berne- en minskehannel opfange yn De Veilige Veste yn Ljouwert. It nije opfangplak giet oer trije moanne iepen. Der sille ynearsten slachtoffers fan loverboys en twongen prostitúsje opfongen wurde. Dy sitte dan net mear op in geheim adres.

It gebou kin ek brûkt wurde foar kongressen oer minskehannel of earewraak. Fier Fryslân hat noch mear plannen. Der moat ek in sintrum foar berne- en minskehannel komme. It luchtplak fan it eardere plysjeburo wurdt binnentún.

Ien plysjesel bliuwt sa't er is, om de foarige funksje fan it gebou yn eare te hâlden. De opfang sil oer trije moanne ferhúzje nei it ferboude âlde plysjeburo oan de trochgeande Aldlânsdyk yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)